29-5-2019De Mixed Hockey Club Leeuwarden hat snein de lêste wedstriid fan it seizoen wûn. Op it eigen sportpark Kealledykje wûnen se mei 10-5 (rêststân 6-1) fan Hondsrug út Zuidlaren. Dêrmei is MHCL wis fan promoasje nei de Twadde Klasse en kinne se ek noch kampioen wurde.